Zolang de boom bloeit

1975-2000

Finster 26 - De Blauwe Fedde

Fan perioade 1975-2000 It lêste nûmer fan De Blauwe Fedde út desimber 2002, mei fan links nei rjochts Nyk de Vries, Meindert Talma en Kees de Vries.


De Blauwe Fedde (in oare namme foar Meagere Hein) krige net in offisjele earste oanbieding, it blêd wie der samar ynienen.

 

Mei De Blauwe Fedde rôle ein jierren njoggentich it Grinzer studintelibben de Fryske literatuer yn. Yn it provisoaryske blêd op A5-formaat stie in nijsgjirrige miks fan koarte ferhalen, strips, poëzy en stills út super-8-films dêr’t de redakteuren sels yn figurearren – bygelyks as jager, boufakker en matroas. De Blauwe Fedde ferskynde tusken 1996 en 2002 njoggenentweintich kear en joech in leechdrompelich poadium oan Friezen dy’t foar har stúdzje nei Grins ferhuze wiene. In moai oantal fan de bydragers oan it blêd hat sûnt dy tiid namme makke as skriuwer en/of muzikant yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Dat jildt foar de twa fan de redaksje, Meindert Talma (berne yn 1968) en Nyk de Vries (1971), en foar bygelyks Tsead Bruinja (1974) en Jaap Krol (1970) dy’t ek bydragen leveren.

De Blauwe Fedde (in oare namme foar Meagere Hein) krige net in offisjele earste oanbieding, it blêd wie der samar ynienen. Troch mûle-op-mûlereklame fûn it syn paad nei in trouwe groep freonen en leafhawwers. De Blauwe Fedde wie net it earste blêd fan Fryske studinten (tink oan Quatrebras dat úteinsette yn Amsterdam), of fan jonge skriuwers (Hjir). It ferskil mei dy blêden wie dat de redaksje nei’t it skynde gjin inkelde literêre aspiraasje koestere. De Blauwe Fedde seach derút as wie it sa mar fluch-fluch even yn inoar knipt en plakt. Geef Frysk bekroade de redaksje him net om. En folle konsideraasje mei de lêzers hiene se likemin, der stiene bytiden fraachpetearen yn, dêr kaam gjin ein oan – fraachpetearen mei markante Friezen, fan radiopiraat oant filmregisseur. De Blauwe Fedde registrearre doe al tige krekt wat minsken net en wol fertelle, en hoe’t se dat dogge.

Yn de tiid dat se De Blauwe Fedde útjoegen, sieten Meindert Talma en Nyk de Vries ek yn de band Meindert Talma & the Negroes. De eardere studinten skiednis wurken yn dizze snuorje ek oan in earste roman. Talma syn foar it meastepart yn it Nederlânsk skreaune debút Dammen met ome Hajo (1999) kaam út tagelyk mei in album fan the Negroes mei deselde titel. De Vries syn Rezineknyn (2000; Rozijnkonijn, 2003) ferskynde sûnder soundtrack, earst yn it Frysk. Krekt as it lettere wurk fan beide skriuwers binne dizze debútromans sterk autobiografysk kleure. Talma en De Vries beskriuwe yn in iroanyske styl sûnder franje hoe’t it is om grut te wurden yn de Wâlden en te dreamen fan seks, bier en rock-’n-roll.

De presintaasje fan it fraachpeteareboek De Blauwe Fedde yn petear yn 2001 markearret sa’n bytsje de ein fan it tydskrifte-aventoer. Talma en De Vries spilen wol tegearre fierder yn deselde band, oan 2010 ta, mar giene dêrnei har eigen paad. Wylst Talma him útlei op syn songs, gie De Vries hielendal foar syn literêre karriêre. Folslein absolút is dy skieding oars net, omdat foar beide skriuwers muzyk en tekst like belangryk lykje. Los fan inoar krigen se allebeide in soarte cultstatus – mei optredens op Lowlands, Radio 1, ynternasjonale poëzypoadia en by De Wereld Draait Door.

In protte lof wie der foar de lêste romans, Talma syn Kelderkoorts (2013) en Je denkt dat het komt (2017), beide mei de ûndertitel Nederlands Onbekendste Popster, en De Vries syn Nederlânsktalige roman Renger (2015), bekroand mei de Piter Jellespriis fan de gemeente Ljouwert, folge troch in Fryske ferzje yn 2016. De âld-redakteuren dûke dêryn op 'e nij yn har jeugdjierren en studintetiid. Se komme oer en wer ek yn inoars proaza en ferskes foar. ‘It giet sa’t it giet’, sa typearje Fryske resinsinten it proaza fan de Blauwe Fedde-generaasje. Nederlânske resinsinten fine it wurk ‘unyk’ en ‘autentyk’. In potsje skaak yn in kafee kriget deselde mytyske lading as de moeting mei in ûnbetroubere frjemdling. It docht yn dit proaza bliken dat net fiksje, mar de werklikheid absurder en bytiden minder ûnskuldich is as je tinke soene.

Fideo

Opdrachten

Oare finsters

  • Finster 23

    Trinus Riemersma

    Trinus Riemersma Perioade: 1975-2000

    Trinus Riemersma syn liifspreuk wie ‘ik kin net oer gedonder/ mar ik kin der noch minder sonder’. Yn syn lange skriuwerskarriêre (1959-2011) wie er redakteur fan fjouwer tydskriften, wêrûnder De Tsjerne en Trotwaer, fersette er him mei syn eigen, folle fonologysker stavering tsjin de ‘Steatestavering’, it staveringskompromis fan Provinsjale Steaten dat nei tsien jier hottefyljen yn 1980 yngie, en wie er oprjochter fan twa útjouwerijen.

  • Finster 24

    It lûd fan de frou

    It lûd fan de frou Perioade: 1975-2000
    Ien groep is der dy’t ûnder de Fryske skriuwers en dichters opfallend minder fertsjintwurdige is – froulju. In stekproef oer de hiele tweintichste iuw lit sjen dat de man-frouferhâlding yn de Fryske literatuer yn trochsneed sa’n 80 tsjin 20 persint is. Earst nei 1980 nimt it tal froulju dat yn it Frysk skriuwt ta, foaral ûnder de dichters.
  • Finster 25

    Tsjêbbe Hettinga

    Tsjêbbe Hettinga Perioade: 1975-2000
    Mûsstil wiene se, de njoggentûzen minsken yn it Kolombiaanske iepenloftteater yn Medellín, doe’t de dichter Tsjêbbe Hettinga (1949- 2013) dêr yn 2007 yn it Frysk syn gedichten foardroech. Oft it no op Skylge of yn Kolombia wie, wannear’t Hettinga optrede foelen taalgrinzen fuort. Hy waard in soarte keizer as er optrede, fûn in leafhawwer.
  • Finster 27

    Folksferhalen

    Folksferhalen Perioade: 1975-2000
    Syn fyts bepaalde syn aksjeradius. It makke Jaarsma ta de wichtichste Nederlânske samler fan folksferhalen yn de tweintichste iuw. Troch syn krewearjen steane hast likefolle Frysktalige as Nederlânsketalige ferhalen yn de lanlike digitale ferhalebank.