Zolang de boom bloeit

1975-2000

Finster 27 - Folksferhalen

Fan perioade 1975-2000 Ype Poortinga (rjochts) mei syn bânrecorder op besite by ien fan syn wichtichste fertellers, Roel Piters de Jong.


”… u krijgt hem nooit zover,” zei Ypma. “Ze zeggen wel eens dat wij Friezen koppig zijn, maar dan kennen ze Damsma niet.”

 

Dat is in oanhaal út de populêre romansyklus Het Bureau fan de Nederlânske skriuwer J.J. Voskuil. Yn werkelikheid slagge it Voskuil, dy’t wurke by it Amsterdamske Meertens Instituut, al om helppreker Dam Jaarsma (Damsma, yn de roman) safier te krijen dat er der yn de Wâlden op út gie om foar Voskuil syn ynstitút folksferhalen te sammeljen. Hast santjintûzen lei Dam Jaarsma (1914- 1991) foar de wittenskip fêst op papier. Syn fyts bepaalde syn aksjeradius. It makke Jaarsma ta de wichtichste Nederlânske samler fan folksferhalen yn de tweintichste iuw. Troch syn krewearjen steane hast likefolle Frysktalige as Nederlânsketalige ferhalen yn de lanlike digitale ferhalebank (verhalenbank.nl).

Der is net allinne literatuer dy’t troch yndividuele skriuwers makke wurdt en dêrnei yn skreaune foarm ferspraat. Der binne ek ferhalen dy’t mûnling oerlevere wurde en sa hieltyd in bytsje fan foarm en ynhâld feroarje: mearkes, leginden, riedsels, folksrymkes, moppen en broadsjeaapferhalen. Sokke ferhalen, fan generaasje op generaasje trochjûn, wurde sjoen as it âldste kulturele besit fan in taalmienskip.

Yn lannen mei in skriftlike kultuer is der tusken skreaune en orale tradysjes altyd in libbene wikselwurking. Dat jildt ek foar Fryslân, sa’t de folksferhalekenner Jurjen van der Kooi yn syn ûndersyk sjen litten hat. De bloeitiid fan it sammeljen fan folksferhalen leit yn Europa yn de romantyk. Wichtige samlers yn njoggentjinde-iuwsk Fryslân wiene Joast Halbertsma en Waling Dykstra, auteur fan Uit Frieslands volksleven van vroeger en later (1895/1896). Yn de tweintichste iuw gie it sammelwurk troch. Earst diene Theun de Vries en J.P. Wiersma dat (beiden publisearren Fryske sêgen) en nei de Twadde Wrâldoarloch S.J. van der Molen, Dam Jaarsma, Ype Poortinga en Jurjen van der Kooi. De lêste twa diene ek wittenskiplik ûndersyk nei folksferhalen.

Ype Poortinga (1915-1985) wurke as haad fan de wurdboekôfdieling by de Fryske Akademy. Syn namme is sa’n bytsje identyk wurden oan it Fryske folksferhaal. Dat komt troch de sân dielen folksferhalen dy’t er oan de ein fan syn karriêre sammele en útjoech. It bekendst waard it earste diel, De ring fan it ljocht út 1976, in jier letter oerset troch Theun de Vries en yn 2002 op 'e nij útjûn mei in ynlieding fan Geert Mak. Poortinga syn risping, goed trettjinhûndert ferhalen, is oars knap wat lytser as dy fan Jaarsma.

Yn 2014, hûndert jier nei syn berte, ferskynde in nije útjefte mei wurk fan Jaarsma, selektearre troch Jurjen van der Kooi. Mearkes út ’e Wâlden (en de oersetting Sprookjes uit de Friese Wouden yn 2016) waard in monumint foar de man dy’t alle wiken ien oant fjouwer folksferhalen optekene. Jaarsma hat sa sjen litten dat it folksferhaal yn Fryslân noch sa libben wie as in hart.

Folksferhalen binne troch har fêste fertelstruktuer en tematyk ek in tankber ûnderwerp foar parodyen, fol mei wurdgrappen en fertellerskommintaar. Foar it meitsjen fan sokke parodyen moatte je nêst in yngeande kennis fan de boarneteksten ek in bûtenwenstige behearsking fan de skriuwtaal ha. Yn Fryslân jildt Jo Smit as de pionier, folge troch Trinus Riemersma (Salang’t de beam bloeit, 2000) en it skriuwersspan Harke Bremer en Jarich Hoekstra. Yn it epyske gedicht Leffert (2013) stiet haadpersoan en troanopfolger Leffert tsjinoer de rûnom bewûndere kening Redbad. Hy hâldt leaver in orgy fan sân dagen as dat er te fjochtsjen giet mei in akelich skerp swurd. As Redbad him mei syn dochter oer it mêd komt, jout Leffert daliks ta. Oan de ein fan it ferhaal ferlit er it âlde Fryslân troch in lyts doarke, noch krekt foardat it dêr de bedelte yn giet.

Fideo

Opdrachten

Oare finsters

  • Finster 23

    Trinus Riemersma

    Trinus Riemersma Perioade: 1975-2000

    Trinus Riemersma syn liifspreuk wie ‘ik kin net oer gedonder/ mar ik kin der noch minder sonder’. Yn syn lange skriuwerskarriêre (1959-2011) wie er redakteur fan fjouwer tydskriften, wêrûnder De Tsjerne en Trotwaer, fersette er him mei syn eigen, folle fonologysker stavering tsjin de ‘Steatestavering’, it staveringskompromis fan Provinsjale Steaten dat nei tsien jier hottefyljen yn 1980 yngie, en wie er oprjochter fan twa útjouwerijen.

  • Finster 24

    It lûd fan de frou

    It lûd fan de frou Perioade: 1975-2000
    Ien groep is der dy’t ûnder de Fryske skriuwers en dichters opfallend minder fertsjintwurdige is – froulju. In stekproef oer de hiele tweintichste iuw lit sjen dat de man-frouferhâlding yn de Fryske literatuer yn trochsneed sa’n 80 tsjin 20 persint is. Earst nei 1980 nimt it tal froulju dat yn it Frysk skriuwt ta, foaral ûnder de dichters.
  • Finster 25

    Tsjêbbe Hettinga

    Tsjêbbe Hettinga Perioade: 1975-2000
    Mûsstil wiene se, de njoggentûzen minsken yn it Kolombiaanske iepenloftteater yn Medellín, doe’t de dichter Tsjêbbe Hettinga (1949- 2013) dêr yn 2007 yn it Frysk syn gedichten foardroech. Oft it no op Skylge of yn Kolombia wie, wannear’t Hettinga optrede foelen taalgrinzen fuort. Hy waard in soarte keizer as er optrede, fûn in leafhawwer.
  • Finster 26

    De Blauwe Fedde

    De Blauwe Fedde Perioade: 1975-2000
    Mei De Blauwe Fedde rôle ein jierren njoggentich it Grinzer studintelibben de Fryske literatuer yn. Troch mûle-op-mûlereklame fûn it syn paad nei in trouwe groep freonen en leafhawwers.