Zolang de boom bloeit

1975-2000

Finster 25 - Tsjêbbe Hettinga

Fan perioade 1975-2000 Tsjêbbe Hettinga yn 2003.


Oft it no op Skylge of yn Kolombia wie, wannear’t Hettinga optrede foelen taalgrinzen fuort. Hy waard in soarte keizer as er optrede, fûn in leafhawwer.

 

Mûsstil wiene se, de njoggentûzen minsken yn it Kolombiaanske iepenloftteater yn Medellín, doe’t de dichter Tsjêbbe Hettinga (1949- 2013) dêr yn 2007 yn it Frysk syn gedichten foardroech. Oft it no op Skylge of yn Kolombia wie, wannear’t Hettinga optrede foelen taalgrinzen fuort. Hy waard in soarte keizer as er optrede, fûn in leafhawwer. Dat foardragen die er mei de eagen ticht, troch in eachsykte hie er hiele minne eagen. Hettinga hie fan it foardragen in keunst makke en hy waard der wrâldferneamd troch. Al wie it ek foar Frysktaligen mear in kwestje fan it ûndergean fan de lûden, de kadâns, it stêfrym en Hettinga syn stimlûd as fan begripen.

Tsjêbbe Hettinga waard berne yn Burchwert as twadde fan seis bern. Hy gie nei de kweekskoalle, wurke as opnametechnikus by de blinebiblioteek en studearre dêrnei earst Nederlânsk en doe Frysk yn Grins. Doe’t er dêr yn 1986 klear mei wie siet er al mear as tsien jier yn de redaksje fan Hjir en wiene fjouwer dichtbondels fan him ferskynd. Noch earder, yn april 1970, wiene oer de telefoanline fan Operaesje Fers (finster 23) twa gedichten fan him te hearren dy’t dêrnei yn Trotwaer ferskynden.

Hettinga syn earste fjouwer bondels waarden yn Fryslân hiel ferskillend ûntfongen. Guon kritisy neamden syn wurk firtuoas, oaren fûnen it ûnbegryplik. Dat feroare om 1992, 1993 hinne. Nederlân wie yn dat lêste jier ‘Schwerpunktland’ op de Frankfurter Buchmesse en Hettinge, dy’t yn 1992 syn fyfte bondel presintearre hie, mocht dêr de Fryske dichters fertsjintwurdigje. Syn optreden makke in protte yndruk. Ien fan de bywêzigen, dichter Benno Barnard dy’t letter tegearre mei Hettinga dy syn wurk yn it Nederlânsk oersette soe, sei dêroer: ‘Yn Frankfurt kaam my oer wat oaren letter oerkommen is: ik hearde Homearus sjongen, blyn, holle skean nei de himel rjochte, see oan syn fuotten …’

Utnûgingen foar optredens yn Fryslân en om utens folgen, en Hettinga syn twatalige, sechste bondel Frjemde kusten/Vreemde kusten (1995) wie it hichtepunt oant dan ta. Omdat de foardracht sa’n wichtich ûnderdiel fan syn wurk wie, ferskynden syn dichtbondels nei 1995 hast altyd tegearre mei in cd. Weromkommende metafoaren yn Hettinga syn wurk binne it ljocht, it lânskip en de see. Hy fielde him besibbe oan Dylan Thomas en Derek Walcott, en droech har wurk foar yn it Frysk. Mar hy woe gjin ambassadeur fan Fryslân wêze. Doe’t in Flaamske ynterviewster him yn 2010 frege om yn in pear wurden wat oer Fryslân te fertellen betanke er freonlik. ‘Nou, eh, ik heb geen belangen in de Friese VVV, dus ik denk dat ik u teleur moet stellen.’ It wie wol sa dat er hieltyd mear optrede by offisjele gelegenheden.

Hettinga wie him derfan bewust dat net allinne syn wurk, mar ek syn persoan minsken yntrigearre. Syn priveelibben skerme er ôf, fraachpetearen joech er komselden. In útsûndering wie de dokumintêre Yn dat sykjen sûnder finen (2006) fan Pieter Verhoeff. Wy sjogge de dichter op de âlderlike pleats dêr’t no syn broer buorket en reedridend op de keunstiisbaan op It Hearrenfean. Yn de dokumintêre Heit (2016) sketst soan Piter Hettinga in ûntroerend portret fan syn heit.

Fjouwer jier nei syn dea ferskynde yn 2017 Hettinga syn sammele wurk Het vaderpaard/It faderpaard. By dy gelegenheid ferwurde Piter Boersma wat mear oanwêzigen fielden: ‘Yn ’e rûnte fan Hjir libbe fan it begjin ôf oan it besef dat Tsjêbbe as dichter in fin mear hie as in bears, mar dat er ús sa fier ûntstige soe …’ Op it poadium fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 bleau ien plak leech.

Fideo


Lêstips

Opdrachten

  • 1.

    OPDRACHT 1:

    De foardrager

  • 2.

    OPDRACHT 2:


    De persoan en dichter Tsjêbbe Hettinga

Oare finsters

  • Finster 23

    Trinus Riemersma

    Trinus Riemersma Perioade: 1975-2000

    Trinus Riemersma syn liifspreuk wie ‘ik kin net oer gedonder/ mar ik kin der noch minder sonder’. Yn syn lange skriuwerskarriêre (1959-2011) wie er redakteur fan fjouwer tydskriften, wêrûnder De Tsjerne en Trotwaer, fersette er him mei syn eigen, folle fonologysker stavering tsjin de ‘Steatestavering’, it staveringskompromis fan Provinsjale Steaten dat nei tsien jier hottefyljen yn 1980 yngie, en wie er oprjochter fan twa útjouwerijen.

  • Finster 24

    It lûd fan de frou

    It lûd fan de frou Perioade: 1975-2000
    Ien groep is der dy’t ûnder de Fryske skriuwers en dichters opfallend minder fertsjintwurdige is – froulju. In stekproef oer de hiele tweintichste iuw lit sjen dat de man-frouferhâlding yn de Fryske literatuer yn trochsneed sa’n 80 tsjin 20 persint is. Earst nei 1980 nimt it tal froulju dat yn it Frysk skriuwt ta, foaral ûnder de dichters.
  • Finster 26

    De Blauwe Fedde

    De Blauwe Fedde Perioade: 1975-2000
    Mei De Blauwe Fedde rôle ein jierren njoggentich it Grinzer studintelibben de Fryske literatuer yn. Troch mûle-op-mûlereklame fûn it syn paad nei in trouwe groep freonen en leafhawwers.
  • Finster 27

    Folksferhalen

    Folksferhalen Perioade: 1975-2000
    Syn fyts bepaalde syn aksjeradius. It makke Jaarsma ta de wichtichste Nederlânske samler fan folksferhalen yn de tweintichste iuw. Troch syn krewearjen steane hast likefolle Frysktalige as Nederlânsketalige ferhalen yn de lanlike digitale ferhalebank.