Zolang de boom bloeit

1975-2000

Finster 24 - It lûd fan de frou

Fan perioade 1975-2000 Hylkje Goïnga sirka 1970.


De iennichste frou dy’t geregeld redaksjegearkomsten fan De Tsjerne bywenne wie der om oantekens te meitsjen en kofje yn te jitten.

 

Ien groep is der dy’t ûnder de Fryske skriuwers en dichters opfallend minder fertsjintwurdige is – froulju. In stekproef oer de hiele tweintichste iuw lit sjen dat de man-frouferhâlding yn de Fryske literatuer yn trochsneed sa’n 80 tsjin 20 persint is. Earst nei 1980 nimt it tal froulju dat yn it Frysk skriuwt ta, foaral ûnder de dichters.

Froulju wiene net hielendal ôfwêzich (tink oan Simke Kloosterman, Ypk fan der Fear en Rixt) mar oer it generaal waard Fryske literatuer skreaun, útjûn en resinsearre troch manlju. De iennichste frou dy’t geregeld redaksjegearkomsten fan De Tsjerne bywenne wie der om oantekens te meitsjen en kofje yn te jitten. It tij kantele yn 1982, doe’t Akky van der Veer as earste frou in sit naam yn de redaksje fan Trotwaer. Foar dy tiid hiene twa oare froulju al wichtige posysjes yn de Frysk-literêre wrâld: Tiny Mulder waard tige wurdearre om har besprekken yn it Friesch Dagblad en op de regionale radio (finster 20). Har kollega-resinsint by de Leeuwarder Courant, Tineke Steenmeijer-Wielenga (berne yn 1946) folge yn 1986 Freark Dam op as konservator (letter: direkteur) fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), in posysje dy’t se ynnaam oant de foarming fan Tresoar yn 2002. Njonken konservator wie Steenmeijer-Wielenga ek aktyf as tekstbesoarger en auteur.

Yn 1986 waard Jelma Knol de earste frou yn it fermidden fan ‘de jonges fan Hjir’. Sy publisearre yn 1993 in krityske stúdzje dêr’t se yn konkludearre dat it wurk fan Frysktalige froulike dichters (út it tiidrek 1945-1985) oars besprutsen wie as dat fan manlike dichters. Se sleat sa oan by frouljusstúdzjes út it Nederlânske taalgebiet. Knol hâlde út dat it wurk fan bygelyks Tiny Mulder yn Fryslân net wier op wearde skat wie troch it te skaaimerken as ‘froulik’. Hanneke Hoekstra droech ek by oan it debat yn har (Ingelsktalige) dissertaasje oer in oar prominint, miskend froulik lûd yn Fryslân, dat fan Ypk fan der Fear (1908-1983).

Nei 1989 binne der hieltyd troch froulju fertsjintwurdige yn de redaksjes fan alle literêre (ynternet) tydskriften dy’t yn Fryslân ferskine, mar noait as haadredakteur. Fierder bliuwt it tal publisearjende froulju op alle mêden achter by de manlju. Dat jildt ek foar de wurdearring fan har wurk. As wy de oantalsferhâlding tusken manlju en froulju mei 4:1 justjes leger skatte as dy is, dan soene je ferwachtsje dat de Gysbert Japicxpriis yn 35 edysjes sa’n 7 kear taparten wie oan in frou. Yn werklikheid barde dat trije kear. De Fedde Schurerpiis (foar it bêste debút) en de Obe Postmapriis (foar de bêste oersetting) litte inselde byld sjen; tsjinoer ien froulike winner steane gemiddeld tsien manlju.

Hylkje Goïnga (1930-2001) jildt as Fryslâns meast feministyske skriuwster. Se troude yn 1953 mei Anne Wadman en hie in hiel skoft har eigen rubryk ‘oan en oer myn man’ yn it algemien-kulturele moanneblêd De Strikel. Se wie redakteur fan it begjin ôf oant it yn 1995 opdoekt waard. It sintrale tema yn har koarte ferhalen is de ferhâlding tusken man en frou. Wylst de frou om ’e nocht besiket de gaos fan in húshâlding mei man en bern yn de stokken te krijen, hat de man syn eigen libben. Yn de earste ferhalen beskriuwt Goïnga in min ofte mear lokkich houlik, yn har letter wurk is it houlik in striidtoaniel en de frou de ferliezer. Goïnga krige in protte lof foar har ferhalen, benammen neidat har wurk ek fierder yn Nederlân goed ûntfongen waard. Yn Fryslân stie de fokus op har persoanlik libben de belangstelling foar har wurk lang yn it paad. De werútjefte okkerjiers fan har koarte roman Frijende kikkerts út 1986 hat dêr gjin feroaring yn bringe kind.

Fideo

Opdrachten

Oare finsters

  • Finster 23

    Trinus Riemersma

    Trinus Riemersma Perioade: 1975-2000

    Trinus Riemersma syn liifspreuk wie ‘ik kin net oer gedonder/ mar ik kin der noch minder sonder’. Yn syn lange skriuwerskarriêre (1959-2011) wie er redakteur fan fjouwer tydskriften, wêrûnder De Tsjerne en Trotwaer, fersette er him mei syn eigen, folle fonologysker stavering tsjin de ‘Steatestavering’, it staveringskompromis fan Provinsjale Steaten dat nei tsien jier hottefyljen yn 1980 yngie, en wie er oprjochter fan twa útjouwerijen.

  • Finster 25

    Tsjêbbe Hettinga

    Tsjêbbe Hettinga Perioade: 1975-2000
    Mûsstil wiene se, de njoggentûzen minsken yn it Kolombiaanske iepenloftteater yn Medellín, doe’t de dichter Tsjêbbe Hettinga (1949- 2013) dêr yn 2007 yn it Frysk syn gedichten foardroech. Oft it no op Skylge of yn Kolombia wie, wannear’t Hettinga optrede foelen taalgrinzen fuort. Hy waard in soarte keizer as er optrede, fûn in leafhawwer.
  • Finster 26

    De Blauwe Fedde

    De Blauwe Fedde Perioade: 1975-2000
    Mei De Blauwe Fedde rôle ein jierren njoggentich it Grinzer studintelibben de Fryske literatuer yn. Troch mûle-op-mûlereklame fûn it syn paad nei in trouwe groep freonen en leafhawwers.
  • Finster 27

    Folksferhalen

    Folksferhalen Perioade: 1975-2000
    Syn fyts bepaalde syn aksjeradius. It makke Jaarsma ta de wichtichste Nederlânske samler fan folksferhalen yn de tweintichste iuw. Troch syn krewearjen steane hast likefolle Frysktalige as Nederlânsketalige ferhalen yn de lanlike digitale ferhalebank.