Zolang de boom bloeit

Oant 1550

Finster 1 - Fryske runen

Fan perioade Oant 1550 Gouden munt mei by de rjochterkant lâns de runeynskripsje skanomodu. Foto: Johannes Beers, kolleksje The British Museum.



De Fryske runen binne part fan in gruttere rûnte fan runeynskripsjes út Noard-Europa. It runeskrift is it âldst bekende skrift fan Germaanske folken om de Noardsee hinne.

Wy kenne ûngefear tweintich runeynskripsjes, koarte teksten op deistich ark dat fûn is lâns de Noardseekust yn Nederlân en Dútslân. Is dat no wol of net skreaun Frysk?
En wat wie eins de funksje fan dy ynskripsjes, wat fertelle de losse wurden ús oer de eigeners fan dat ark en har skriftlike kultuer?

De Fryske runen binne part fan in gruttere rûnte fan runeynskripsjes út Noard-Europa. It runeskrift is it âldst bekende skrift fan Germaanske folken om de Noardsee hinne. It alfabet fan it runeskrift wurdt Futhark neamd, nei de earste seis letters derfan, en it stammet wierskynlik ôf fan in Latynsk skrift. Yn Skandinavië binne langere teksten yn runeskrift fûn, mar yn de Nederlânske kuststripe giet it allinne mar om koarte teksten. Nei 800 ferlear it runeskrift op it Europeeske kontinint terrein oan it Latynske alfabet dat wy no noch brûke. It Futhark is maklik werom te kennen oan de hoekige letters. Troch it âlde Germaanske karakter hawwe ferskate groepen har dermei identifisearje wollen. Berucht is de taeigening troch de nazi’s en no de neonazi’s (tink oan it SS-teken).

De measte Fryske runeynskripsjes binne fûn by terpôfgravingen yn de njoggentjinde iuw. Archeologen rûze dat der allinne al yn de hjoeddeiske provinsje Fryslân tusken 600 foar en 1000 nei ús jiertelling sa’n twatûzen terpen west hawwe, lytse ‘bewenningseilantsjes’ oan de fruchtbere Noardseekust. It gebiet dat yn de iere midsiuwen bekend stie as Fryslân omfieme it lân tusken Sincfal (no Cadzand) en de mûning fan de Wezer (Bremerhaven). Plakken as it lettere Rotterdam en Utert hearden dêr dus ek by. De bewenners fan de terpen libben fan lânbou en feehâlderij. Oer it wetter hiene se ek hannel yn kostber guod lykas slaven, pelzen en glês- en ierdewurk. De Fryske hannelsrûtes út de iere midsiuwen rûnen fia de wichtige hannelsstêd Doarestêd nei Ingelân, Skandinavië en sels Ruslân.

De Fryske runeynskripsjes wurde Frysk neamd omdat se fûn binne op deistich ark yn it iermidsiuwske Fryske taalgebiet. Foar safier’t wy de ynskripsjes goed begripe kinne, beskriuwe se wa’t de eigener wie of wa’t it stik ark makke hie. Sa is de ynskripsje op in kaam, yn oersetting, ‘Ælb makke de kaam foar Habuk’ en stiet op in stêfke fan takshout ‘Dit is fan (...) Wimov’. Nei alle gedachten binne it earder markearringen of besitstekens as magyske beswarringsformules.

Friezen meie krekt as oaren graach weromgripe op mysterieuze figueren út har ferline. Dat sjogge je bygelyks yn de namme fan Fryske studinteferieningen as it Grinzer Bernlef (nei de legindaryske bline bard) en de stúdzjeferiening Skanomodu (‘skjinne moed’ of ‘frisse moed’ – nei in gouden munt mei runeynskripsje út sa’n 600). Mar hoe Frysk is dat ‘skanomodu’ no winliken? Moatte de runeynskripsjes ta de Fryske taal rekkene wurde? Dêr ferskille de mieningen oer. Undersikers binne it deroer iens dat it giet om in eigen fariant fan it runeskrift, wêrtroch’t ek foarwerpen dy’t bûten Fryslân fûn binne as ‘Frysk’ identifisearre wurde kinne. Dat jildt dan bygelyks foar de tekst op dy gouden munt, ‘skanomodu’. De Fryske runen passe binnen in bredere tradysje dy’t him útstrekte fan it iermidsiuwske Fryslân oant Ingelân en Denemarken. Dat wjerspegelet de sintrale hannelsposysje fan it midsiuwske Fryslân. De losse wurden jouwe lykwols te min hâldfêst foar in rekonstruksje fan de taal dy’t doedestiids om de Noardsee hinne praat waard. Dêrom begjinne de Fryske taal en literatuer foar taalkundigen meastal goed seishûndert jier letter, mei de Aldfryske wetsteksten.

Skanomodu parkeargaraazje 2.jpg
Yn de parkeargaraazje it Saailân yn Ljouwert kinst it wurd Skanomodu fine, mei de runen.
Foto: Meindert Reitsma.

Skanomodu parkeargaraazje.jpg
Foto: Meindert Reitsma.

Sandby_runic_stone2.jpg
Foarbyld fan in runeynskripsje yn stien.
Foto: Håkan Svensson (Xauxa), Wikimedia Commons, CC BY-SA 3.0.

Opdrachten

  • 1

    OPDRACHT:

    Skriuw in achtergrûnartikel oer Fryske runen


  • 2

    OPDRACHTEN:

    A. Meitsje in presintaasje mei Prezi of Powerpoint.
    B. Meitsje in kollaazje mei as titel: Runen: eartiids en no.

  • 3

    OPDRACHTEN:

    A. Skriuw in tekst oer de roman Wind en avondrood fan Theun de Vries.
    B. Runeskrift vs. Latyske skrift.

Oare finsters

  • Finster 2

    Poesie im Recht

    Poesie im Recht Perioade: Oant 1550

    Yn it Fryske Asegaboek, in samling Fryske wetten út de midsiuwen, koene je neffens Jacob Grimm de woartels fine fan de poëtyske Germaanske taal en kultuer. Yn syn essay Von der Poesie im Recht út 1816 gie er derfoar yn ’e pleit om goed op dy fertutearze skatten te passen. Oebele Vries, auteur fan de blomlêzing Asega, is het dingtijd? (2007) mei de hichtepunten fan Aldfryske tekstoerlevering, fynt de Aldfryske rjochtsteksten op plakken wol byldzjend, mar bellettry is it neffens him net.