Zolang de boom bloeit

Oant 1550
Oant 1550

Swiid ferneamd ferline. Skreaun Frysk oant 1550




Allinnich it topke fan de iisberch is oerbleaun, de rest is ferdwûn yn it weagjende wetter fan de tiid.

Allinnich it topke fan de iisberch is oerbleaun, de rest is ferdwûn yn it weagjende wetter fan de tiid. Wannear’t wy it oer it Aldfrysk ha, want sa neame wy it Frysk út de midsiuwen, hawwe wy it meastal oer in lyts korpus fan wetsteksten en oarkonden dy’t Fryske mûntsen rûchwei tusken 1300 en 1500 kopieard hawwe. De teksten jouwe in unyk byld fan de libbenswrâld fan de Friezen yn de midsiuwen en fan har taal. It is mar in skijntsje fan wat der yn de midsiuwen oan skreaun Frysk yn omrin wie. Yn in seldsum gefal komt der noch in nij flardsje nei boppen op stikjes perkamint dy’t letterlik ynklamme sitte tusken teksten yn it Latyn en it Nederlânsk.

RUNESKRIFT
Wat âld is, ropt ûntsach op. Dêrom sykje minsken yn alderlei talen om de ‘âldste’ teksten. Taalkundigen tinke dat de Fryske sprektaal as ôfsûnderlike taal foarm krigen hat tusken 500 en 700. Skriuwe yn it Frysk diene de lju net, se skreaune yn it Latyn. Dat wie de ferbinende kultuertaal fan it Romeinske Ryk en oant fier nei de midsiuwen de taal fan hannel, tsjerke en wittenskip. Fan de alderearste, foardroegen Frysktalige literatuer (bygelyks troch de bline bard Bernlef) is neat bewarre. Wat der út dat tiidrek wol is, binne Fryske runen, losse wurden yn runeskrift op deistich ark dat fûn is by terpôfgravingen: kammen, dolken, munten út de tiid fan 600 oant 900. Dy runen passe yn in bredere tradysje (finster 1) en jouwe spitigernôch net folle sicht op de taal fan de eigeners fan dy foarwerpen.

fryske-lannen-1300.PNG

De Fryske lannen om 1300 hinne. Kaartsje: Arjen Versloot, bewurking: Alex Katsma.





Yn it earste oankommen liket it ferhaal fan it skreaune Aldfrysk foaral in ferhaal fan wat der nét is.

FRYSKE FRIJHEID

Yn it earste oankommen liket it ferhaal fan it skreaune Aldfrysk foaral in ferhaal fan wat der nét is. Gjin ridderromans, leginden, dierefabels, hilligelibbens of gebedeboeken. Dy binne der wol yn it Middelnederlânsk (fan ûngefear 1200 ôf) dat lykop rint mei it Aldfrysk. Fierder begjinne de Friezen relatyf let mei it skriuwen yn it Aldfrysk fergelike mei it Middelnederlânsk. De ferklearring foar dy twa ferskillen is ienfâldich. Oars as yn de lannen om ús hinne ûntstie hjir yn de iuwen nei 800 in bysûndere situaasje. Fryslân foel wol ûnder it Frankyske Ryk en letter ûnder it Hillige Roomske Ryk, mar de Hollânske greven slaggen der net yn har oanspraken op it gebiet om te setten yn bliuwend gesach. Sa ûntstie in rige autonome republykjes of lânsgemeenten, dy’t yn al mar lytsere stikken opsplitst waarden en dêr’t yn de praktyk machtige famyljes de baas wiene. Dy situaasje hjitte fan ‘Fryske frijheid’. Der wiene gjin lêzers of skriuwers fan wrâldske of religieuze literatuer, want der wie gjin hofkultuer, gjin ridderstân en gjin ûntwikkele stedsboargerij. Kleasters wiene der wol. Dêr waarden tusken 1150 en 1500 mear as fyftich fan stifte. Bekende kleasters lykas Klaarkamp by Rinsumageast, it machtige Bernarduskleaster fan Aduard of kleaster Ihlow by Aurik spilen yn it ûntstean fan Aldfryske teksten in krusiale rol.

perkament.jpg

Perkamintstrypkes mei Latynske en Fryske tekst, datearre op likernôch 1100.
De lingte fan de strypkes is sirka 5 sm. Foto: Timothy Bolton, partikuliere kolleksje.



Op fjouwer lytse strypkes perkamint út ûngefear 1100, fûn yn 2015, hat in Fryske mûnts ûnder in Latynske psalmrigel opskreaun ‘lesa mi helpe mi’ (‘ferlos my, help my’), ‘herte ande lenden god’ (‘hert en nieren God’).

FRYSK EN LATYN TROCH INOAR

Op fjouwer lytse strypkes perkamint út ûngefear 1100, fûn yn 2015, hat in Fryske mûnts ûnder in Latynske psalmrigel opskreaun ‘lesa mi helpe mi’ (‘ferlos my, help my’), ‘herte ande lenden god’ (‘hert en nieren God’). It stikje tekst is folle koarter as de (langere) psalmoersetting dy’t foar 2015 sjoen waard as it âldste skreaune Frysk, mar wol hast in iuw âlder. Beide teksten waarden letter op 'e nij brûkt yn oare manuskripten – de lytse strypkes wierskynlik as blêdwizerke. Wy kinne net mei wissens sizze wannear’t it Aldfrysk as skriuwtaal begûn, mar wol dat der fan 1300 ôf troch de Fryske frijheid romte kaam foar bestjoerlike teksten yn it Aldfrysk, nêst teksten yn it Latyn. Behalve oarkonden binne it benammen wetsteksten mei praktyske regels oer it rjocht yn it Fryslân fan doe, it gebiet tusken Sudersee en Wezer.

Twa iuwen lang ferskynde de iene wetstekst nei de oare. It earste bloeitiidrek fan it Frysk as skriuwtaal wie lykwols definityf dien doe’t Fryslân om 1500 hinne oerwûn waard troch de Saksers, de lânsgemeenten ferfongen waarden troch in sintraal oerheidsapparaat en it Aldfryske rjocht ôfskaft. De Fryske bestjoerstaal kaam de Nederlânske foar yn it plak en de Fryske skriuwtaal ferdwûn yn earsten fan it toaniel. It wachtsjen wie op ien dy’t de taal nij libben ynblaze koe.

Klooster2.jpg

It kleaster Ihlow by it Dútske Aurik, stichte yn 1228, wie ien fan de wichtichste yn midsiuwsk Fryslân. Yn de tiid fan de Reformaasje rekke it yn it neigean. Nei 2005 waard de lokaasje ûntwikkele as besjenswurdichheid. De kontoer fan de kleastertsjerke is yn stiel op wiere grutte wer opboud. Foto: A. Köppl. Eigen wurk, CC
BY 3.0, Wikimedia Commons.



Finsters foar dizze perioade

  • Finster 1

    Fryske runen

    Fryske runen Perioade: Oant 1550

    Wy kenne ûngefear tweintich runeynskripsjes, koarte teksten op deistich ark dat fûn is lâns de Noardseekust yn Nederlân en Dútslân. Is dat no wol of net skreaun Frysk? En wat wie eins de funksje fan dy ynskripsjes, wat fertelle de losse wurden ús oer de eigeners fan dat ark en har skriftlike kultuer?

  • Finster 2

    Poesie im Recht

    Poesie im Recht Perioade: Oant 1550

    Yn it Fryske Asegaboek, in samling Fryske wetten út de midsiuwen, koene je neffens Jacob Grimm de woartels fine fan de poëtyske Germaanske taal en kultuer. Yn syn essay Von der Poesie im Recht út 1816 gie er derfoar yn ’e pleit om goed op dy fertutearze skatten te passen. Oebele Vries, auteur fan de blomlêzing Asega, is het dingtijd? (2007) mei de hichtepunten fan Aldfryske tekstoerlevering, fynt de Aldfryske rjochtsteksten op plakken wol byldzjend, mar bellettry is it neffens him net.

Folgjende perioade

1550-1800

Frysk leechlân

Frysk leechlân