Zolang de boom bloeit

1975-2000
1975-2000

De bewende paden del en oare wegen

Tusken 1990 en 1994 hie Josse de Haan it ienmanstydskrift iP²r90 – Rendez Vous. Omslach fan nûmer 1 ( juny 1994) fan de tredde jiergong.



Undanks dy frontferbreding bliuwt ien ding itselde: foarstanners fan literêre fernijing binne it komselden mei inoar iens. 

Nei de rûzige jierren sechstich bedarret de Fryske literatuer yn it lêste part fan de tweintichste iuw yn wat rêstiger farwetter. Oant de trochbraak fan ynternet krekt foar de millenniumwiksel hâlde de literêre tydskriften en útjouwerijen út de rebûljetiid har wichtige rol. Wat wol yngripend feroaret, is de finansiering fan de Fryske literatuer. Subsydzjejouwers wurde hieltyd belangriker. Fierder binne yn it tiidrek 1975-2000 twa oare ûntjouwingen fan belang: fan de jierren tachtich ôf nimme froulju mear plak yn binnen de Fryske literatuer (finster 24) en fan de jierren njoggentich ôf presintearje Fryske skriuwers har hieltyd faker as twatalich. Undanks dy frontferbreding bliuwt ien ding itselde: foarstanners fan literêre fernijing binne it komselden mei inoar iens. 

602.png
By de iepening fan it kantoar fan de Friese Pers Boekerij yn Ljouwert yn 1979: trije auteurs út it fûns (fan links nei rjochts Hylke Speerstra, Ypk fan der Fear en Douwe Tamminga) yn petear mei Freark Dam, konservator fan it FLMD.



‘Vot un kutpraatsjes. Is dur oars neat te fertellen?’.

KOÖPERAASJE EN KOMMERSJE

‘Vot un kutpraatsjes. Is dur oars neat te fertellen?’. Sa ûngefear einige Riemersma syn resinsje fan de roman As in lyts baeske (1973) oer ‘lytse smjunt’ Sije fan Merkum. Fan Merkum is in egoïstyske prakkesearder dy’t it sabeare goed mei oaren foar hat. Hy mei graach frijende pearkes bestrune of it ‘lytse baaske’ sjen litte oan skoalfamkes. As in lyts baeske wie de njoggende roman fan net ien minder as Anne Wadman. Krekt as De smearlappen (1963) hie de roman de foarm fan in bycht, mar it boek wie opfallend luchtiger fan toan as earder en letter wurk. It ferskynde yn in nije rige fan de Friese Pers, nei de bestseller Feroaring fan lucht fan Rink van der Velde (finster 18 en 28). Riemersma hearde, as Trotwaer-redakteur en mei-oprjochter fan de Koperative Utjowerij, by de ‘polemyske bazen’, de protestgeneraasje dy’t maatskiplike feroaring woe en literêre fernijing. Yn it wurk fan de KU-skriuwers sjogge wy in protte styl- en foarmeksperiminten, lykas it brûken fan ferskillende fertelperspektiven en ferhaallinen. Sy fûnen dat je yn de literatuer mei skerp sjitte moatte koene en dat literatuer ‘altyd in bytsje giftich’ wêze moast om de lêzers in spegel foar te hâlden. Riemersma leveret yn syn masterstik De Reade Bwarre (1992) bygelyks kommentaar op alles wat der mankearret oan de wrâld, ynklusyf de Fryske literêre rûnten (finster 23). Josse de Haan (berne yn 1941) draacht deselde krityske hâlding út yn syn oeuvre, dat nei syn debút Forneukte stêd (1972) útgroeide ta in lytse fjirtich titels, like omfangryk as dat fan Trinus Riemersma. Yn it literêre debat easken dy beide skriuwers ek in sintraal plak op – earst yn de literêre tydskriften, dêrnei yn ienmanstydskriften en op ynternet. It fûns fan de KU bestie net allinne út boeken foar in selekt publyk, lykas poëzybondels en eksperiminteel proaza, mar ek út jongereinboeken, oersettingen en werútjeften fan klassikers. By it 25-jierrich bestean yn 1995 seagen de leden werom op goed twahûndert titels. ‘Skriuwers binne gjin sakelju’, ornearre Rink van der Velde. Hy folge it ûntstean fan de KU mei niget, mar hie der sels net folle fidúsje yn. Doe’t syn útjouwer Laverman yn 1969 oernommen waard troch De Arbeiderspers hâlde dy der daliks mei op om Fryske literatuer út te jaan. Van der Velde en allyksa Anne Wadman en Durk van der Ploeg sieten ferlegen om in nije útjouwer. Yn de rûnte fan de Ljouwerter-Kranteredaksje, dêr’t Van der Velde wurke, kaam doe it plan op dat de Friese Pers, it memmebedriuw fan de krante, dan mar in literêre rige útjaan moast. Dat waard de Gurbe-rige, neamd nei it stripfiguerke yn de Ljouwerter Krante dat kommentaar joech op it nijs. De útjouwerijôfdieling waard ein jierren santich selsstannich en gie fierder as Friese Pers Boekerij. Dy helle op slach de KU yn as grutste literêre útjouwerij yn Fryslân. By de KU wie der altyd te min jild foar distribúsje en promoasje. Net botte bliid seagen de bestjoersleden fan de KU oan hoe’t de Friese Pers Boekerij ‘fergees’ advertearje koe yn de Leeuwarder Courant. De skriuwers fan de Friese Pers foarmen net in gearhingjende groep, mar der wiene wol oerienkomsten. It wiene fertellers mei gâns omtinken foar de tinzen en fielings fan har personaazjes. Wadman, Van der Ploeg en Van der Velde situearren har romans boppedat alle trije geregeld yn de Twadde Wrâldoarloch. Mei Van der Velde en letter Hylke Speerstra hie de Friese Pers Boekerij de meast lêzen Fryske skriuwers yn ’e hûs. It Fryske proaza nei 1970 lit in hieltyd grutter ferskaat sjen. Nêst eksperiminteel proaza en psychologyske romans ferskynden histoaryske en biografyske romans, thrillers, plysjeromans, reisferhalen en samlingen folksferhalen (finster 27). It die lykwols bliken dat it net ienfâldich wie Fryske boeken by de lêzers te krijen.

603.png
Start fan de sutelaksje yn Stiens, 4 septimber 1998, mei skriuwers en frijwilligers. Fan links nei rjochts Gryt Elzinga (frw), Riek Landman, Janneke Spoelstra, Baukje Wytsma, Tine Geertsma (frw), Piter Boersma, Anny de Jong en Wobbe Veenstra (frw).



Oprjochter en ‘godfather’ fan Hjir, Piter Boersma (berne yn 1947), slagge der alle kearen yn om dat tsjin te hâlden mei it argumint dat it karakter fan Hjir dan te folle feroarje soe.  

KREAKJENDE SOUDERS

De Alvestêdetocht is fier bûten Fryslân bekend. In minder ferneamd mar like Frysk fenomeen wie de ‘sutelaksje’, it hûs-oanhûs ferkeapjen fan Fryske boeken troch mei kroaden fol boeken by de doarren del te gean. Twa omboude bussen diene tsjinst as magazyn. Oan de sutelaksje diene behalven in yndrukwekkend oantal frijwilligers ek skriuwers mei. Tusken 1972 en 2009 waard fan de jierlikse Fryske boeke-omset 15 persint realisearre by de sutelaksje, is de rûzing. Yn in regionale literatuer as de Fryske binne de oplagen fan de measte publikaasjes lyts en de produksjekosten per printe boek dus relatyf heech. Fryske boeken, sei in útjouwer in kear as grap, wurde pas printe as de parsen stil steane. Ienris printe moast it boek syn paad noch nei de lêzer fine. Foar de Fryske útjouwerij mei de bêst dokumintearre skiednis, de KU, wie dat sa’n probleem dat de souders fan it magazyn yn Boalsert yn de jierren tachtich begûnen te kreakjen fan de ûnferkochte boeken. Subsydzje, de ‘Fryske boekewike’ en de sutelaksje foarmen oplossingen foar de problemen by produksje, promoasje en distribúsje dêr’t alle Fryske útjouwerijen mei sieten. Mei yngong fan de jierren santich ferskynden der alle jierren sa’n hûndert Frysktalige boeken. Yn trochsneed wie 20 persint poëzy, 30 persint berne- en jongereinboeken en 30 persint ferhalebondels en romans. De lêzers koene dat oanbod net byfytse. Har oantal begûn boppedat ôf te nimmen; lang net elkenien dy’t Frysk prate, lies it ek. Nei Kneppelfreed (finster 17) naam earst de provinsjale en letter ek de lanlike oerheid hieltyd mear ferantwurdlikens foar de Fryske taal. Dat proses krige yn earsten syn hichtepunt yn 1996, doe’t Nederlân it Europeesk Hânfest foar Regionale of Minderheidstalen fan de Rie fan Europa ûndertekene. Dêrmei naam de oerheid de ferplichting op him om noed te stean foar de Fryske taal yn de provinsje Fryslân. It grutste part fan it jild gie (en giet) nei taalûnderwiis, taalûndersyk en nei de Frysktalige media lykas Omrop Fryslân, in folle lytser part nei de útjouwerijen, skriuwers, oersetters en literêre tydskriften. Sa krigen Hjir en Trotwaer subsydzje, krekt as de bredere algemienkulturele blêden De Strikel en Frysk en Frij. Fierder koene Fryske auteurs al sûnt 1965 oanspraak meitsje op rykssubsydzje fia it Fonds voor de Letteren. Om de iuwwiksel hinne wie 4 persint fan it totale budzjet fan dat fûns en fan it Nederlands Literair Productie- en Vertalingenfonds (NLPVF, yn 2010 fusearre ta it Nederlands Letterenfonds) ornearre foar Fryske literatuer. Wizigingen yn it subsydzjebelied bleauwen net sûnder gefolgen. De Strikel en Frysk en Frij rûnen yn de jierren njoggentich op ’e non neidat it subsydzje stopset waard, ek al hie Frysk en Frij doe noch goed trijetûzen abonnees. Oarsom wie der nei de oprjochting fan it NLPVF yn 1991 ynienen romte foar twa rigen Fryske Klassiken (1992-2003), werútjeften fan Frysktalich proaza dêr’t noch fraach nei wie, fan de Rimen en Teltsjes fan de bruorren Halbertsma (sjoch side 38) oant Fabryk fan Trinus Riemersma (sjoch side 76). Gjin niget dat der fanwegen de sinteraasje hieltyd op ’e nij fúzjeplannen betocht waarden troch subsydzjejouwers en -ûntfangers. Soms giene dy plannen troch. De Friese Pers Boekerij naam Osinga en Laverman oer. De Afûk (oait begûn as kursusynstitút) waard nei in oare oername de tredde grutte spiler, nêst de KU en de FPB. De Afûk jout fan 2002 ôf ek de opfolger fan Trotwaer út, mei as titel De Moanne, in algemienkultureel tydskrift. Mar Hjir en Trotwaer smieten de lapen net gear. Oprjochter en ‘godfather’ fan Hjir, Piter Boersma (berne yn 1947), slagge der alle kearen yn om dat tsjin te hâlden mei it argumint dat it karakter fan Hjir dan te folle feroarje soe. Hjir konsintrearre him op it wervjen fan nij talint, Trotwaer hie mear romte foar teoretyske skôgings oer literatuer.  

604.png
Spotprinttekener Geart Gratama lit op satiryske wize sjen dat de Fryske literatuer ûnder druk stiet, út De Strikel.



‘Hienen dy boatsjefarders werklik wier sa’n ferlet fan Hollânsktalige publikaasjes fan ’e Skriuwersbounleden? Koal! It gyng har net om méár Hollânsk, mar om mínder Frysk.’

MACHTICH - MEI DAT DAN NET?

Op sneon 19 april 1997 hâlde It Skriuwersboun syn maitiidsgearkomst op in salonboat. Yn it sok ferskynde ynienen in boatsje mei in spandoek ‘Schrijf toch Nederlands’. Trinus Riemersma reagearre dêr letter sa op: ‘Hienen dy boatsjefarders werklik wier sa’n ferlet fan Hollânsktalige publikaasjes fan ’e Skriuwersbounleden? Koal! It gyng har net om méár Hollânsk, mar om mínder Frysk.’ Hy sei dat op in sympoasium oer twataligens yn de Fryske literatuer. It wie de organisatoaren opfallen dat Fryske skriuwers de lêste tsien, fyftjin jier hieltyd faker yn it Frysk én yn it Nederlânsk publisearren. Soms wie dat yn de foarm fan twatalige dichtbondels, lykas Wilco Berga syn debút Reiger, vis en man/Reager, fisk en man (1990). Mar by debutanten út de jierren tachtich en njoggentich kaam it faker foar dat se ôfwikseljend yn it Nederlânsk en yn it Frysk publisearren. Dat gou bygelyks foar Harmen Wind, Albertina Soepboer en Tsead Bruinja. Gie it hjir om in golfbeweging of om in nije trend, sa frege de organisaasje him ôf, en wat stike derefter? De diskusje oer twataligens ferbaasde Riemersma ‘mear as in bytsje’. Friezen wiene neffens him net ien- of twatalich, mar meartalich, en der wie lokkigernôch gjin taalplysje dy’t minsken ferplichte om yn it Frysk te publisearjen. In oare sprekker, letterkundige Liesbeth Brouwer, wiisde derop dat de ferhâlding ta de rest fan Nederlân in reade tried wie yn de Fryske literatuerskiednis. De Friezen soene hieltyd mar wer fiskje nei erkenning fan Nederlânske letterkundigen. Dat probleem koe neffens Brouwer allinne mar oplost wurde troch bettere kulturele kontakten. Sy wie der dêrom bliid om dat Fryske dichters hieltyd faker de Nederlânske poadia opsochten. In breder publyk bekend meitsje mei Fryske poëzy en Frysk proaza wie ek it doel fan de blomlêzingen Spiegel van de Friese poëzie (1994) en Fries Stamboek. 500 jaar proza uit Friesland (2000), nei dy tiid folge fan in twadde, wersjoene printinge fan de Spiegel en trije fergelykbere blomlêzingen. Mar gie it hjir no wier om in nije trend? Al yn 1949 ferskynde ommers Wadman syn Frieslands Dichters (side 74), yn 1960 folge troch Friese verhalen in het Nederlands. En yn de jierren santich en tachtich publisearren ek net alle Fryske skriuwers allinne mar yn it Frysk. Miskien moatte wy dêrom konkludearje dat skriuwers, lykop mei de rykserkenning fan it Frysk, har mei mear klam begûn binne te presintearjen as meartalich – as reizgers tusken ferskillende, talige kultueren. ‘Criss-Crossing Communities’ wie ek it biedwurd fan it bidbook wêrmei’t Ljouwert yn 2013 de race wûn om de titel ‘Cultural Capital of Europe 2018’. Wat 2018 foar de Fryske literatuer betsjut? Dat is in ûnderwerp foar it lêste haadstik.

605.png
Omslach fan literêr tydskrift Hjir nei in ûntwerp fan byldzjend keunstner/auteur Anne Feddema. Dit is it ekstra nûmer mei de winnende bydragen fan de Rely Jorritsmapriis 1995.


Finsters foar dizze perioade

  • Finster 23

    Trinus Riemersma

    Trinus Riemersma Perioade: 1975-2000

    Trinus Riemersma syn liifspreuk wie ‘ik kin net oer gedonder/ mar ik kin der noch minder sonder’. Yn syn lange skriuwerskarriêre (1959-2011) wie er redakteur fan fjouwer tydskriften, wêrûnder De Tsjerne en Trotwaer, fersette er him mei syn eigen, folle fonologysker stavering tsjin de ‘Steatestavering’, it staveringskompromis fan Provinsjale Steaten dat nei tsien jier hottefyljen yn 1980 yngie, en wie er oprjochter fan twa útjouwerijen.

  • Finster 24

    It lûd fan de frou

    It lûd fan de frou Perioade: 1975-2000
    Ien groep is der dy’t ûnder de Fryske skriuwers en dichters opfallend minder fertsjintwurdige is – froulju. In stekproef oer de hiele tweintichste iuw lit sjen dat de man-frouferhâlding yn de Fryske literatuer yn trochsneed sa’n 80 tsjin 20 persint is. Earst nei 1980 nimt it tal froulju dat yn it Frysk skriuwt ta, foaral ûnder de dichters.
  • Finster 25

    Tsjêbbe Hettinga

    Tsjêbbe Hettinga Perioade: 1975-2000
    Mûsstil wiene se, de njoggentûzen minsken yn it Kolombiaanske iepenloftteater yn Medellín, doe’t de dichter Tsjêbbe Hettinga (1949- 2013) dêr yn 2007 yn it Frysk syn gedichten foardroech. Oft it no op Skylge of yn Kolombia wie, wannear’t Hettinga optrede foelen taalgrinzen fuort. Hy waard in soarte keizer as er optrede, fûn in leafhawwer.
  • Finster 26

    De Blauwe Fedde

    De Blauwe Fedde Perioade: 1975-2000
    Mei De Blauwe Fedde rôle ein jierren njoggentich it Grinzer studintelibben de Fryske literatuer yn. Troch mûle-op-mûlereklame fûn it syn paad nei in trouwe groep freonen en leafhawwers.
  • Finster 27

    Folksferhalen

    Folksferhalen Perioade: 1975-2000
    Syn fyts bepaalde syn aksjeradius. It makke Jaarsma ta de wichtichste Nederlânske samler fan folksferhalen yn de tweintichste iuw. Troch syn krewearjen steane hast likefolle Frysktalige as Nederlânsketalige ferhalen yn de lanlike digitale ferhalebank.

Folgjende perioade

Nei 2000

It wide web op

It wide web op