Zolang de boom bloeit

1945-1975

Finster 19 - De KFFB

Fan perioade 1945-1975 Untwerp: E.S. de Jong en Frits Klein.



Oant de Twadde Wrâldoarloch waard streekliteratuer sa’t de KFFB dy útjoech wurdearre. Letter feroare dat.

Der bestiet net in ‘bouquet’-rige yn it Frysk mar der is yn it Frysk wol triviale literatuer. As it dêroer giet, falt al gaueftich de namme fan de KFFB. Dy boekeklup boude in fûns op fan benammen streekromans en joech oan 1984 ta 317 boeken út. Ein 2017 stie de teller op 494. Kritisy prate sûnt de jierren fyftich fan de foarige iuw bytiden wat leechlizzend oer KFFB-romans, mar streekromans yn in Frysk jaske hawwe, krekt as streekliteratuer oars-earne, in trou lêzerspublyk.

De KFFB (Kristlik Fryske Folks Biblioteek) waard oprjochte yn 1934, alve jier nei de Fryske Bibleteek. De kristlike tsjinhinger dêrfan slagge deryn om in grutter publyk te berikken troch de gruttere achterban en troch tûke public relations. Populêre romanskriuwers dy’t by de KFFB publisearren wiene bygelyks Watze Cuperus (in tige sosjaal engazjearre auteur en mei-oprjochter fan de KFFB) en Paulus Akkerman (skriuwer fan ûnder oare Hessel Ypma, 1949, en It Freark Jabiks folk, 1946, beide werprinte yn de rige Fryske Klassiken).

Sa’t de namme al sjen lit, stie de KFFB as organisaasje op trije pylders: útjeften moasten in kristlike strekking ha, de KFFB woe skriuwers oantrune om yn it Frysk te skriuwen en it draaide by de KFFB om ‘lektuer’ of ek wol ‘folksliteratuer’ – it wurd ‘literatuer’ waard mei sin mijd. It bestjoer slagge deryn (en slagget der noch altyd yn) om genôch manuskripten by inoar te fandeljen troch alle jierren in priisfraach út te skriuwen. Foar Fryske begripen is it prizejild royaal. Yn 1992 wie dat omrekkene sa’n €2500. De trochsneed KFFB-auteur is fiifenfjirtich jier wannear’t hy of sy debutearret. In typyske KFFB-roman is in histoaryske roman dy’t in lang tiidrek beslacht, mei gronologysk oardere fertelblokken en ferteld út it perspektyf fan in alwittende ferteller wei. Undersyk út 1991 hat ta beslút sjen litten dat de helte fan de lêzers grifformeard wie, en dat mear as de helte fan de lêzers der troch de KFFB ta kommen is om Fryske boeken te lêzen.  

Oant de Twadde Wrâldoarloch waard streekliteratuer sa’t de KFFB dy útjoech wurdearre. Letter feroare dat. Wylst skriuwers as Anne Wadman, Tjitte Piebenga en Trinus Riemersma eksperimintearren mei de foarm en de ynhâld fan har romans (it ik-personaazje en de flashback waarden húsriem), oriïntearren KFFB-romans har hieltyd noch op in foarbije wrâld. Dat kristlike lêzers de foarkar joegen oan streekromans, wie neffens Trinus Riemersma goed te begripen. It sjenre waard foar it tsjerkske part fan de maatskippij in ‘fatsoenlik alternatyf foar de saneamde hege literatuer dy’t ferdoarn en ferdjerrend is’. 

Yn it begjin fan de jierren njoggentich wizige de KFFB syn koers. Yn dy tiid kamen der te min goede manuskripten yn, dat sadwaande waarden in oantal oersettingen útjûn, ûnder oare Styfmem ierde fan Theun de Vries en wurk fan Elie Wiesel. It eksplisyt kristlike karakter waard loslitten. By dy koerswiziging hearde in nije namme. Yn 2001 waard dat: ‘KFFB, de Fryske Boekeklub’. Twa jier letter wûn Willem Tjerkstra (as twadde KFFB-auteur) de Gysbert Japicxpriis mei syn roman yn trije dielen Ridder fan Snits (1999-2001).

De KFFB hat syn doelstellingen yn de rin fan de jierren mei glâns realisearje kinnen. De feriening publisearre oant 2017 wurk fan hast twahûndert ferskate auteurs. Lyts begûn mei 85 leden hie de KFFB yn 1965 in rekôr oantal leden fan 13.500, njoggen kear safolle as de Fryske Bibleteek yn dyselde snuorje. It lêzerspublyk foar kristlike romans wie dúdlik grutter as dat foar moderne literatuer. Nei 1965 takke it tal leden stadichwei ôf: yn 1993 wiene der 5300, begjin 2018 noch 832.

411 Simke Kloosterman ca 1900 foto J.F. Blöte kolleksje Tresoar nr 204341 Foto Bijwerken.jpg

Willem Tjerkstra yn 2004. Foto: Jan Kalma.

Fideo

Lêstips

Opdrachten

Oare finsters

  • Finster 17

    Fedde Schurer

    Fedde Schurer Perioade: 1945-1975

    Fedde Schurer kaam der net samar gewoan yn, hy makke syn entree. De lange jas wappere achter him oan, de tas hie er fêst ûnder de earm. Pipe en flaphoed makken it byld fan de dichter kompleet. Anne Wadman skreau oer him: ‘By al syn fleurichheid en kammeraatskip wie Fedde Schurer noait jins (ik bedoel fansels: myn) gelikense.’

  • Finster 18

    Rink van der Velde

    Rink van der Velde Perioade: 1945-1975

    ‘As ferslachjouwer ha ik fjirtich jier ûnder de minsken west. Dan hast op ’t lêst oeral wolris west en oeral wolris sjoen.’ Yn syn arkje tusken De Feanhoop en Drachten hie Rink van der Velde (1932-2001) in soarte fan kluzenersbestean. Ielfiskje en ielrikje, fûken boetsje, jeie en sa út en troch in feest ha foar freonen en kunde – sa brocht er syn simmers troch.

  • Finster 20

    Diet Huber en Tiny Mulder

    Diet Huber en Tiny Mulder Perioade: 1945-1975
    Brike situaasjes en bisten dy’t har hâlde en drage as wiene it minsken, lykas ‘hintsje Pikjepok/ dat hat it altyd drok’. Trije generaasje Fryske bern waarden grut mei de gedichten út Tutte mei de linten (1955, alfte printinge yn 2012), De mâlbroekmich (1957) en Juffer Kuorkebier (1957).
  • Finster 21

    Fisuele poezy

    Fisuele poezy Perioade: 1945-1975
    ‘Jonges ik ha myn plicht dien foar it Heitelân oer sis mar/ Ook Friesland had haar modernistische bewegingen/ En dit is dan meteen het laatste woord/ Fries dat ik heb geschreven ook.’ Elkenien dy’t in bytsje thús is yn de Fryske poëzy ken de dichtrigel út 1964 werom, dêr’t âldQuatrebras-redakteur Hessel Miedema (berne yn 1929) oerskeakele fan it Frysk nei it Nederlânsk en sa letterlik ôfstân naam fan de Fryske literatuer
  • Finster 22

    Operaesje Fers

    Operaesje Fers Perioade: 1945-1975
    Der is noch gjin ynternet en je hawwe as dichter in nij gedicht skreaun dat je gau ûnder de minsken ha wolle foardat it net mear aktueel is. De oplossing? In telefoanline en in antwurdapparaat.