Zolang de boom bloeit

1945-1975

Finster 20 - Diet Huber en Tiny Mulder

Fan perioade 1945-1975



Diet Huber en Tiny Mulder feroaren in protte yn de Fryske berneliteratuer. Sy hiene mear omtinken foar it perspektyf fan bern.

Brike situaasjes en bisten dy’t har hâlde en drage as wiene it minsken, lykas ‘hintsje Pikjepok/ dat hat it altyd drok’. Trije generaasje Fryske bern waarden grut mei de gedichten út Tutte mei de linten (1955, alfte printinge yn 2012), De mâlbroekmich (1957) en Juffer Kuorkebier (1957). De boartlikens fan taal en ideeën dy’t wy yn de poëzy fan Diet Huber en Tiny Mulder fine slute oan by it Nederlânsk út itselde tiidrek (Annie M.G. Schmidt, Hans Andreus). Krekt as kabaretiers lykas Tetman de Vries en Rients Gratama en yn Hollân Wim Kan en Wim Sonenveld keazen de bernedichters yn dy tiid foar luchtichheid en relativearring.

Earder seagen wy al hoe’t Fryske berneliteratuer ûntstie en in eigen plak krige yn famyljeblêden as Sljucht en Rjucht en It Heitelân (side 66). Provinsjale deiblêden as de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en de Friese Koerier setten foar de Twadde Wrâldoarloch útein mei eigen bernerubriken dy’t folle waarden troch meiwurkers dy’t har ‘omke’ of ‘muoike’ neamden. Nei de oarloch gie dat earst op deselde foet fierder. Berneliteratuer hie benammen in didaktyske funksje en moast bern it Frysk lêzen en skriuwen bybringe. Yn de jierren fyftich brochten de generaasjegenoaten Diet Huber en Tiny Mulder dêr feroaring yn.

Dichter en yllustrator Diet Huber (1924-2008) folge in keunstoplieding en waard troch Fedde Schurer frege om de bernerubryk yn de Friese Koerier te fersoargjen. Dat die se fan 1952 oant 1961. Fan 1959 ôf skreau se ek foar bern yn it Amsterdamske Het Parool (1959-1968), dêr’t se ien fan har grutte foarbylden Annie M.G. Schmidt opfolge. Huber har bernerubryk yn de Friese Koerier wie twatalich. Se publisearre ôfwikseljend in Frysk en in Nederlânsk berneboek. Tiny Mulder (1921-2010) waard fuort nei de oarloch sjoernalist by it Friesch Dagblad. Letter fersoarge se foar de krante mar leafst tritich jier de Fryske bernerubryk ‘Us eigen herntsje’.

Diet Huber en Tiny Mulder feroaren in protte yn de Fryske berneliteratuer. Sy hiene mear omtinken foar it perspektyf fan bern, se boarten mei de taal en se yntrodusearren oarsoartige haadpersonaazjes as in biezem of in himdsje. De wrâld dêr’t de gedichten spilen wie net mear dy fan it Fryske plattelân. En beide skriuwsters fûnen har ynspiraasje benammen yn de Ingelske poëzy en jeugdliteratuer. Sa sette Tiny Mulder Lewis Carroll oer yn Alice yn Wûnderlân. Dat de fernijing yn de Nederlânske en Fryske berneliteratuer lykop rûn mei dy yn de poëzy is net sa nuver. Joke Linders, kenner fan de Nederlânske jeugdliteratuer, seit dêroer (oerset): ‘Zonderland, Hoekstra, Schmidt, Huber, Andreus en yn beskate sin Tiny Mulder pasten mei har taal en mei har ideeën yn it kulturele en pedagogyske klimaat fan de jierren fyftich dat sa’n ferlet hie fan de wjukken fan de fantasy, fan befrijing fan de neare oarlochsjierren.'

Tiny Mulder is net allinne bekend om har wurk foar bern mar ek om har grut dichterlik oeuvre, sammele yn Bitterswiet (2001), har literêre kritiken en de roman Tin iis (1981), oerset as Gevaarlijk ijs (1987). Dat boek skreau se op basis fan har ûnderfiningen as koerierster yn de Twadde Wrâldoarloch. It lit sjen hoe’t in gewoane húshâlding in Joadsk famke yn har fermidden opnimt. Yn 1986 waard Mulder de Gysbert Japicxpriis takend foar har hiele oeuvre. Sy wie nei Rixt (1953) en Ypk fan der Fear (1979) de tredde en yn earsten lêste frou dy’t ‘de Gysbert’ krige.

Tiny Mulder in 1979.png

Tiny Mulder yn 1979.


DIet Huber in 1976.png

Diet Huber yn 1976.

Fideo



Lêstips

Opdrachten

  • 1.

    OPDRACHT 1:


    Kom yn de kunde mei it wurk fan Diet Huber

  • 2.

    OPDRACHT 2:


    Libben en wurk fan Diet Huber yn 6 fragen/opdrachten.

  • 3.

    OPDRACHT 3:

    Kom yn de kunde mei it wurk fan Tiny Mulder
  • 4.

    OPDRACHT 4:

    Libben en wurk fan Tiny Mulder yn 5 fragen/opdrachten.
  • 5.

    OPDRACHTEN:

    Huber fersus Mulder

Oare finsters

  • Finster 17

    Fedde Schurer

    Fedde Schurer Perioade: 1945-1975

    Fedde Schurer kaam der net samar gewoan yn, hy makke syn entree. De lange jas wappere achter him oan, de tas hie er fêst ûnder de earm. Pipe en flaphoed makken it byld fan de dichter kompleet. Anne Wadman skreau oer him: ‘By al syn fleurichheid en kammeraatskip wie Fedde Schurer noait jins (ik bedoel fansels: myn) gelikense.’

  • Finster 18

    Rink van der Velde

    Rink van der Velde Perioade: 1945-1975

    ‘As ferslachjouwer ha ik fjirtich jier ûnder de minsken west. Dan hast op ’t lêst oeral wolris west en oeral wolris sjoen.’ Yn syn arkje tusken De Feanhoop en Drachten hie Rink van der Velde (1932-2001) in soarte fan kluzenersbestean. Ielfiskje en ielrikje, fûken boetsje, jeie en sa út en troch in feest ha foar freonen en kunde – sa brocht er syn simmers troch.

  • Finster 19

    De KFFB

    De KFFB Perioade: 1945-1975

    Der bestiet net in ‘bouquet’-rige yn it Frysk mar der is yn it Frysk wol triviale literatuer. As it dêroer giet, falt al gaueftich de namme fan de KFFB. Dy boekeklup boude in fûns op fan benammen streekromans en joech oan 1984 ta 317 boeken út. Ein 2017 stie de teller op 494. 

  • Finster 21

    Fisuele poezy

    Fisuele poezy Perioade: 1945-1975
    ‘Jonges ik ha myn plicht dien foar it Heitelân oer sis mar/ Ook Friesland had haar modernistische bewegingen/ En dit is dan meteen het laatste woord/ Fries dat ik heb geschreven ook.’ Elkenien dy’t in bytsje thús is yn de Fryske poëzy ken de dichtrigel út 1964 werom, dêr’t âldQuatrebras-redakteur Hessel Miedema (berne yn 1929) oerskeakele fan it Frysk nei it Nederlânsk en sa letterlik ôfstân naam fan de Fryske literatuer
  • Finster 22

    Operaesje Fers

    Operaesje Fers Perioade: 1945-1975
    Der is noch gjin ynternet en je hawwe as dichter in nij gedicht skreaun dat je gau ûnder de minsken ha wolle foardat it net mear aktueel is. De oplossing? In telefoanline en in antwurdapparaat.