Zolang de boom bloeit

1945-1975

Finster 17 - Fedde Schurer

Fan perioade 1945-1975 Fedde Schurer mei de Friese Koerier yn 'e hannen.


Krekt lykas oare Fryske skriuwers earder wurke Schurer himsels troch selsstúdzje omheech ta ûnderwizer en krige er doe niget oan it Frysk.

Fedde Schurer kaam der net samar gewoan yn, hy makke syn entree. De lange jas wappere achter him oan, de tas hie er fêst ûnder de earm. Pipe en flaphoed makken it byld fan de dichter kompleet. Anne Wadman skreau oer him: ‘By al syn fleurichheid en kammeraatskip wie Fedde Schurer noait jins (ik bedoel fansels: myn) gelikense.’ Oaren beskriuwe him allyksa as joviaal en garismatysk. Schurer ymponearre en wie net benaud om de miening fan in minderheid te fertolkjen. Hy die dat as jong skoalmaster doe’t er yn de brosjuere Kristendom en oarloch (1929) syn pasifistyske libbensoertsjûging útdroech – en dêrom koart dêrnei ûntslein waard, it nijs oer syn ûntslach helle alle lanlike kranten. En hy die dat yn de jierren tritich doe’t er, yn ’e mande mei it Kristlik Frysk Selskip, besocht om it Frysk yn tsjerke te krijen. Foar syn psalmberimingen en it Bibelske drama Simson (by de opfiering hie er sels de haadrol) krige er yn 1949 de Gysbert Japicxpriis. Nei de Twadde Wrâldoarloch wie er haadredakteur fan de Friese Koerier en siet er yn de Twadde Keamer foar de PvdA. Schurer stried doe as ien fan de iennichsten yn syn fraksje tsjin atoomwapens. Dat er de media goed bespylje koe, die bliken op Kneppelfreed.  

Krekt lykas oare Fryske skriuwers earder wurke Schurer himsels troch selsstúdzje omheech ta ûnderwizer en krige er doe niget oan it Frysk. Hy bewûndere it wurk fan Douwe Kalma en wie warber yn it Kristlik Frysk Selskip en de Christelijk-Democratische Unie, letter opgien yn de PvdA. Fan 1930 oant 1946 wenne Schurer yn Amsterdam, dêr’t er in wiidweidich literêr netwurk opboude. Politike en literêre aktiviteiten rûnen by him altyd lykop; as sjoernalist en haadredakteur besocht er om politike saken dy’t him nei oan it hert leine foar inoar te boksen. Schurer hie as dichter ‘rop en tsjoen’, syn yn 1974 postúm útjûne Samle fersen waard mar leafst fjouwertûzen kear ferkocht. Dat er nei ferhâlding net folle bydroech oan De Tsjerne, it blêd dat er sels oprjochte hie, is net sa nuver. Hy skreau yn de tiid dat er redaksjelid wie (1946-1964) sa’n trijetûzen haadartikels foar de Friese koerier.

‘Kinderachtig, beledigend en treiterig’, neamde Schurer yn ien fan dy redaksjonele artikels it optreden fan in rjochter dy’t yn twa rjochtsaken oanjûn hie it Frysk offisjeel net ferstean te wollen. Schurer waard hjitten om him te ferantwurdzjen foar de rjochtbank yn Ljouwert op freedtemiddei 16 novimber 1951. Dêr kaam gâns folk op ta. Troch ûnhandich optreden fan de rjochtbank dy’t de Frysktalige parse bûten de doar hâlde, en fan de plysje dy’t him yntimidearre fielde troch it gearboske publyk, rûnen de saken út de klau. De brânwacht dy’t ynderhaast optromme wie begûn it publyk út inoar te spuitsjen en de plysje hufte deryn mei de gummykneppel. Schurer rûn sels ek klappen op. Dyselde deis noch gie der in protestferklearring nei Den Haach, nêst Schurer ûndertekene troch santich pommeranten út Fryske literêre en politike rûnten. Dat allegearre brocht de nasjonale belangstelling foar de Fryske saak yn in streamfersnelling en it seit in protte oer it klimaat dêr’t De Tsjerne yn ferskynde. Schurer waard yn heger berop ek net frijsprutsen, mar der kamen troch Kneppelfreed wol bettere regels foar it brûken fan it Frysk yn de rjochtbank en it bestjoerlik ferkear. En dy byldzjende namme ‘Kneppelfreed’? It is net dúdlik wa’t dy betocht hat. ‘It folk seit Kneppelfreed’ skreau sjoernalist en skriuwer Jo Smit. Hy miende dat er dêr Schurer mei oanhelle, mar dy liet him triomfantlik witte dat hy – Smit dus – Kneppelfreed sels útfûn hie: ‘…men moat it folk altyd foarhâlde wat it seit en dan seit it dat ek’.

0620 Schurer als Simson cartoon.jpg

Spotprint fan Wim van Wieringen op ’e foarside fan Frysk en Frij fan 23 novimber 1951.

Fideo



Opdrachten

  • 1.

    OPDRACHT:


    Oer Fedde Schurer.

  • 2.

    OPDRACHT:


    Belang foar de Fryske literatuer en it Frysk.

  • 3.

    OPDRACHTEN:

    a. Kneppelfreed
    b. Kneppelfreed 2.0.?
  • 4.

    OPDRACHTEN:


    a. Kanonisearring
    b. Stânbyld fan Fedde Schurer.

Oare finsters

  • Finster 18

    Rink van der Velde

    Rink van der Velde Perioade: 1945-1975

    ‘As ferslachjouwer ha ik fjirtich jier ûnder de minsken west. Dan hast op ’t lêst oeral wolris west en oeral wolris sjoen.’ Yn syn arkje tusken De Feanhoop en Drachten hie Rink van der Velde (1932-2001) in soarte fan kluzenersbestean. Ielfiskje en ielrikje, fûken boetsje, jeie en sa út en troch in feest ha foar freonen en kunde – sa brocht er syn simmers troch.

  • Finster 19

    De KFFB

    De KFFB Perioade: 1945-1975

    Der bestiet net in ‘bouquet’-rige yn it Frysk mar der is yn it Frysk wol triviale literatuer. As it dêroer giet, falt al gaueftich de namme fan de KFFB. Dy boekeklup boude in fûns op fan benammen streekromans en joech oan 1984 ta 317 boeken út. Ein 2017 stie de teller op 494. 

  • Finster 20

    Diet Huber en Tiny Mulder

    Diet Huber en Tiny Mulder Perioade: 1945-1975
    Brike situaasjes en bisten dy’t har hâlde en drage as wiene it minsken, lykas ‘hintsje Pikjepok/ dat hat it altyd drok’. Trije generaasje Fryske bern waarden grut mei de gedichten út Tutte mei de linten (1955, alfte printinge yn 2012), De mâlbroekmich (1957) en Juffer Kuorkebier (1957).
  • Finster 21

    Fisuele poezy

    Fisuele poezy Perioade: 1945-1975
    ‘Jonges ik ha myn plicht dien foar it Heitelân oer sis mar/ Ook Friesland had haar modernistische bewegingen/ En dit is dan meteen het laatste woord/ Fries dat ik heb geschreven ook.’ Elkenien dy’t in bytsje thús is yn de Fryske poëzy ken de dichtrigel út 1964 werom, dêr’t âldQuatrebras-redakteur Hessel Miedema (berne yn 1929) oerskeakele fan it Frysk nei it Nederlânsk en sa letterlik ôfstân naam fan de Fryske literatuer
  • Finster 22

    Operaesje Fers

    Operaesje Fers Perioade: 1945-1975
    Der is noch gjin ynternet en je hawwe as dichter in nij gedicht skreaun dat je gau ûnder de minsken ha wolle foardat it net mear aktueel is. De oplossing? In telefoanline en in antwurdapparaat.