Zolang de boom bloeit

1945-1975

Finster 18 - Rink van der Velde

Fan perioade 1945-1975 Rink van der Velde ein jierren njoggentich yn natuergebiet De Deelen op it wetter by syn wenarke. Foto: Johan Witteveen.



Van der Velde brûkte yn syn proaza ferhalen dy’t er as sjoernalist heard hie.

As ferslachjouwer ha ik fjirtich jier ûnder de minsken west. Dan hast op ’t lêst oeral wolris west en oeral wolris sjoen.’ Yn syn arkje tusken De Feanhoop en Drachten hie Rink van der Velde (1932-2001) in soarte fan kluzenersbestean. Ielfiskje en ielrikje, fûken boetsje, jeie en sa út en troch in feest ha foar freonen en kunde – sa brocht er syn simmers troch. Foar in pasifist hie Van der Velde in opmerklike foarleafde foar gewearen. Sels hie er seis. Foar de bûtenwacht kultivearre er it byld fan de frijbûtser en man fan it frije fjild. As haadpersoanen foar syn romans, dy’t er faak situearre yn in net te fier ferline, keas er ek sokke minsken. Troch dy tematyk en mei syn nochtere humor en flotte styl waard er de bêst lêzen Fryske skriuwer fan syn tiid.
 
Van der Velde, de jongste fan fiif mei allinne susters, waard grut yn de Wâlden. Nei de middelbere skoalle wurke er as boerefeint yn Frankryk en nei syn tsjinsttiid waard er sjoernalist foar – nei inoar – de Nieuwe Dockumer Courant, de Drachtster Courant, de Friese Koerier en (nei de fúzje yn 1969) de Leeuwarder Courant. By de Drachtster Courant learde er op oanrieden fan Freark Dam om it Frysk te skriuwen. Nei syn debútroman De kleine kolonie (1960) skreau er de rest fan syn oeuvre yn it Frysk. Van der Velde publisearre tusken 1962 en 2001 26 romans, 14 ferhalebondels en 4 toanielstikken. Syn wurk waard oerset en ferfilme.

De ferrassing fan it jier, dat wie neffens Anne Wadman Rink van der Velde syn Fryske debútroman Jûn, healwei tolven (1962). De roman beskriuwt in dei út it libben fan Michel, in jonge Frânsman dy’t siket om goud dat yn de oarloch ferside brocht is. Wadman wie optein dat dat boek yn it Frysk folslein yn Frankryk spile sûnder de yndruk te jaan dat de skriuwer syn stof net behearske (sa’t gauris it gefal wie as in Fryske roman in kear om utens spile). Dat it boek opboud wie as in soarte fan thriller wie Wadman allyksa oer te sprekken. Lof fan alle kanten krige de skriuwer foar twa lettere romans: De Fûke (1966, yn 1970 oerset as De Fuik) en Feroaring fan lucht (1971, yn 1973 oerset as Verandering van lucht). Fan de earstneamde roman ferskynden tsien printingen; fan de oare sels santjin, goed foar sa’n 35.000 eksimplaren. De Fûke giet oer in fisker dy’t oppakt wurdt troch de Dútsers omdat syn soan yn it ferset sit. It boek waard yn 2000 ferfilme troch Steven de Jong; Pieter Verhoeff ferfilme al yn 1980 de roman De hûn sil om jim bylje (yn 1980 ferskynd as Het teken van het beest), it histoaryske ferhaal fan IJe Wijkstra dy’t yn 1929 fjouwer plysjes deaskeat.

Van der Velde brûkte yn syn proaza ferhalen dy’t er as sjoernalist heard hie. Unbidige populêr waard syn rubryk ‘Bokwerder Belang’ dy’t tusken 1971 en 1992 yn de Ljouwerter Krante stie. Dêr hie er de gek yn mei de pommeranten út it fiktive doarp Bokwert; hy brûkte in bombastysk Nederlânsk (‘Weekblad Bokwerder Belang, Voor al uw advertieën’) fol mei frisismen (‘wij stonden toch ook wel even raar te zien’). Wadman wiisde der by Van der Velde syn debút al op dat sjoernalist en skriuwer inoar helpe kinne en yn it paad sitte. De handigens en rûtine fan it skriuwen soe ten koste gean kinne fan literêre besieling. Dat ferwyt waard troch bewûnderders krekt omdraaid: Van der Velde skreau lokkigernôch net ‘sa pluzerich’ oer yntellektuele problemen, lykas Wadman en Riemersma, mar oer bysûndere gewoane minsken yn wa’t elkenien himsels weromkenne koe.

Opdrachten

  • 1.

    OPDRACHT:

    It meitsjen fan in Fryske film.

Oare finsters

  • Finster 17

    Fedde Schurer

    Fedde Schurer Perioade: 1945-1975

    Fedde Schurer kaam der net samar gewoan yn, hy makke syn entree. De lange jas wappere achter him oan, de tas hie er fêst ûnder de earm. Pipe en flaphoed makken it byld fan de dichter kompleet. Anne Wadman skreau oer him: ‘By al syn fleurichheid en kammeraatskip wie Fedde Schurer noait jins (ik bedoel fansels: myn) gelikense.’

  • Finster 19

    De KFFB

    De KFFB Perioade: 1945-1975

    Der bestiet net in ‘bouquet’-rige yn it Frysk mar der is yn it Frysk wol triviale literatuer. As it dêroer giet, falt al gaueftich de namme fan de KFFB. Dy boekeklup boude in fûns op fan benammen streekromans en joech oan 1984 ta 317 boeken út. Ein 2017 stie de teller op 494. 

  • Finster 20

    Diet Huber en Tiny Mulder

    Diet Huber en Tiny Mulder Perioade: 1945-1975
    Brike situaasjes en bisten dy’t har hâlde en drage as wiene it minsken, lykas ‘hintsje Pikjepok/ dat hat it altyd drok’. Trije generaasje Fryske bern waarden grut mei de gedichten út Tutte mei de linten (1955, alfte printinge yn 2012), De mâlbroekmich (1957) en Juffer Kuorkebier (1957).
  • Finster 21

    Fisuele poezy

    Fisuele poezy Perioade: 1945-1975
    ‘Jonges ik ha myn plicht dien foar it Heitelân oer sis mar/ Ook Friesland had haar modernistische bewegingen/ En dit is dan meteen het laatste woord/ Fries dat ik heb geschreven ook.’ Elkenien dy’t in bytsje thús is yn de Fryske poëzy ken de dichtrigel út 1964 werom, dêr’t âldQuatrebras-redakteur Hessel Miedema (berne yn 1929) oerskeakele fan it Frysk nei it Nederlânsk en sa letterlik ôfstân naam fan de Fryske literatuer
  • Finster 22

    Operaesje Fers

    Operaesje Fers Perioade: 1945-1975
    Der is noch gjin ynternet en je hawwe as dichter in nij gedicht skreaun dat je gau ûnder de minsken ha wolle foardat it net mear aktueel is. De oplossing? In telefoanline en in antwurdapparaat.