Zolang de boom bloeit

1945-1975

Finster 22 - Operaesje Fers

Fan perioade 1945-1975 fers



Noch it selde jiers slaggen de inisjatyfnimmers der mei in protte krewearjen yn subsydzje te krijen foar twa nije telefoanlinen yn Ljouwert: ien foar Fryske en ien foar Nederlânske poëzy.

Der is noch gjin ynternet en je hawwe as dichter in nij gedicht skreaun dat je gau ûnder de minsken ha wolle foardat it net mear aktueel is. De oplossing? In telefoanline en in antwurdapparaat. ‘Operaesje fers’ waard betocht yn 1967 en lansearre yn febrewaris 1968. It rûn sa in jier foarút op it fergelykbere ‘Dial-A-Poem’ yn New York. Dial-A-Poem is dêr noch hieltyd te bewûnderjen yn it Musuem of Modern Art (MOMA) as ‘conceptual art’ út de jierren sechstich. Operaesje Fers stiet op ynternet.

It idee foar Operaesje Fers ûntstie op in skriuwerswykein. Mar eins, sa hâldt ien fan de inisjatyfnimmers út, moatte je noch wat fierder weromgean yn de tiid om te snappen wêrom’t jonge Fryske dichters graach in nij poadium foar har wurk ha woene en wêrom’t de besteande literêre struktueren net foldiene. Yn it neijier fan 1967 hiene der twa poëzyjûnen west, in goed besochten yn Ljouwert foar Nederlânske en Fryske poëzy, en in min besochten foar allinne Fryske poëzy yn Drachten. It publyk fan it lêstneamde ‘event’ wist net hoe’t it reagearje moast op de papieren fleantúchjes mei politike boadskippen dy’t de dichters by har foardracht de seal yn smieten. De dichters sels konkludearren: ‘It publyk bestie dy jûn út Krite-leden [sjoch side 33], dy kamen foar in smoute jûn …’

Koart dêrnei wie yn Koartehimmen by Drachten in skriuwerswykein. Sokke skriuwerswykeinen waarden organisearre yn it Woodbrookershûs troch Ype Poortinga, adjunktdirekteur fan de Fryske Akademy en skriuwer fan in pear histoaryske romans. Yn Koartehimmen liezen Fryske skriuwers inoar nij wurk foar en bepraten se literêre plannen. Dêr waarden neffens de meidoggers trije dingen betocht dy’t in grutte ynfloed op de Fryske literatuer hiene: Operaesje Fers, literêr tydskrift Trotwaer en de Koperative Utjowerij. Operaesje Fers moast in streekrjochte ferbining ta stân bringe tusken dichter en publyk mei in spesjaal telefoannûmer dêr’t in gedicht fan de dei te beharkjen wie. Ynspiraasjeboarne wiene de populêre útstjoeringen fan ‘VPRO Deze dag’, dêr’t ek dichters oan meiwurken. Operaesje Fers wie net allinne ornearre foar Fryske, mar ek foar Nederlânske en ynternasjonale poëzy.

Trije dichters wurken de plannen foar Operaesje Fers fierder út: Meindert Bylsma, Josse de Haan en Geart van der Zwaag. Sy swilen by alderhande fûnsen jild by inoar, lieten in nije telefoanline oanlizze en sochten kontakt mei de media. Dat die fertuten. Op freed 16 febrewaris 1968 koe it earste gedicht beharke wurde: ‘Operaesje Fers kommunisearret’ fan Josse de Haan. Nei berjochten yn de provinsjale en lanlike parse woene tûzenen opbellers it sels ek wolris hearre. It lokale netwurk rekke oerbelêste en de PTT snijde de line ôf. Noch it selde jiers slaggen de inisjatyfnimmers der mei in protte krewearjen yn subsydzje te krijen foar twa nije telefoanlinen yn Ljouwert: ien foar Fryske en ien foar Nederlânske poëzy.

It die bliken dat it twatalige karakter fan Operaesje Fers foar subsydzjejouwers in beswier wie, en Fryske skriuwers wiene ek net allegearre út de skroeven. Wêrom moast it iennichste mêd dêr’t de Fryske skriuwer noch ientalich Frysk wêze koe, de literatuer, opoffere wurde oan it Nederlânsk? Mar der wie ek erkenning. Sa advisearre de kommisje foar de Gysbert Japicxpriis yn 1969 om Operaesje Fers te bekroanen. Provinsjale Steaten naam it advys lykwols net oer. Neffens de Steaten wie de priis ornearre foar yndividuele skriuwers. De Nederlânske line hâlde yn 1983 op omdat der te min jild foar wie, de Fryske yn 1994. Sûnt 2005 stiet it lûdargyf fan Operaesje Fers op ynternet (operaesjefers.nl).

561 Operaesje Fers alternative prijs pag 176.png


Steven H.P. de Jong, redakteur fan Trotwaer (rjochts), rikt de alternative Gysbert Japicxpriis út oan de Stichting Operaesje Fers yn de persoan fan F.S. Sixma baron van Heemstra, oktober 1969. Yn it midden de dichters Josse de Haan en Willem Abma (rjochts).

Opdrachten

Oare finsters

  • Finster 17

    Fedde Schurer

    Fedde Schurer Perioade: 1945-1975

    Fedde Schurer kaam der net samar gewoan yn, hy makke syn entree. De lange jas wappere achter him oan, de tas hie er fêst ûnder de earm. Pipe en flaphoed makken it byld fan de dichter kompleet. Anne Wadman skreau oer him: ‘By al syn fleurichheid en kammeraatskip wie Fedde Schurer noait jins (ik bedoel fansels: myn) gelikense.’

  • Finster 18

    Rink van der Velde

    Rink van der Velde Perioade: 1945-1975

    ‘As ferslachjouwer ha ik fjirtich jier ûnder de minsken west. Dan hast op ’t lêst oeral wolris west en oeral wolris sjoen.’ Yn syn arkje tusken De Feanhoop en Drachten hie Rink van der Velde (1932-2001) in soarte fan kluzenersbestean. Ielfiskje en ielrikje, fûken boetsje, jeie en sa út en troch in feest ha foar freonen en kunde – sa brocht er syn simmers troch.

  • Finster 19

    De KFFB

    De KFFB Perioade: 1945-1975

    Der bestiet net in ‘bouquet’-rige yn it Frysk mar der is yn it Frysk wol triviale literatuer. As it dêroer giet, falt al gaueftich de namme fan de KFFB. Dy boekeklup boude in fûns op fan benammen streekromans en joech oan 1984 ta 317 boeken út. Ein 2017 stie de teller op 494. 

  • Finster 20

    Diet Huber en Tiny Mulder

    Diet Huber en Tiny Mulder Perioade: 1945-1975
    Brike situaasjes en bisten dy’t har hâlde en drage as wiene it minsken, lykas ‘hintsje Pikjepok/ dat hat it altyd drok’. Trije generaasje Fryske bern waarden grut mei de gedichten út Tutte mei de linten (1955, alfte printinge yn 2012), De mâlbroekmich (1957) en Juffer Kuorkebier (1957).
  • Finster 21

    Fisuele poezy

    Fisuele poezy Perioade: 1945-1975
    ‘Jonges ik ha myn plicht dien foar it Heitelân oer sis mar/ Ook Friesland had haar modernistische bewegingen/ En dit is dan meteen het laatste woord/ Fries dat ik heb geschreven ook.’ Elkenien dy’t in bytsje thús is yn de Fryske poëzy ken de dichtrigel út 1964 werom, dêr’t âldQuatrebras-redakteur Hessel Miedema (berne yn 1929) oerskeakele fan it Frysk nei it Nederlânsk en sa letterlik ôfstân naam fan de Fryske literatuer