Cookies are small text files downloaded by your computer when you visit a site. Cookies are downloaded to make your experience on Salang't de beam bloeit as enjoyable and useful as possible.
‘Ik skriuw sa’t ik praat en fyn it
wichtich dat myn lêzers genietsje
fan in moai ferhaal yn de taal fan
har hert’, seit Hilda Talsma (berne
yn 1971). Har ‘skûtsjeroman’ Wyn fan
feroaring wie it bêst ferkeapjende boek
fan de promoasje-aksje ‘Boek fan de
Moanne’. De roman waard allinne al
by dy aksje yn de simmer fan 2015
hast seishûndert kear ferkocht
De sjueryleden stelden
fêst dat yn dy bulte boeken de balâns
tusken tradysje en eksperimint de
kant fan de tradysje oer hong. Sy
doelden dan op realistysk proaza
mei in oriïntaasje op de eigen
Fryske plattelânssituaasje, in protte
skiednis, in autobiografyske ynstek en
taalgebrûk rjochte op it oerbringen fan
de ferhaalline. Mar der wie ek oar wurk.
Literatuerwittenskippers bestudearje
it atelier fan de skreaune taal. Se
ûndersykje hoe’t it om en ta giet yn
dat atelier. Hoe wurkje skriuwers mei
de talen dy’t sy ta har foldwaan ha?